Doelstelling
Stifting TIJD is in inisjatyf fan Louis Le Roy en syn frou Inge út Oranjewâld, en is fuortkommen út syn wurk oan de ekokatedraal yn Mildaam. In praktyske reden fan 'e oprjochting fan in stifting wie de wissichheid dat it projekt fuortsetten wurdt. Boppedat die yn'e rin fan 'e tiid bliken dat in tal minsken ynspireare wiene troch dit projekt, dat der ferlet wie fan ien of oare foarm fan organisaasje. In oar projekt wêr 't de stifting har foar ynsette sil, is de renovaasje fan de tunen oan 'e Kennedyleane yn 't sintrum fan It Hearrenfean.
Doelstelling
Yn 'e oprjochtings-akte wurde de folgjende punten neamd:
- It befoarderjen fan ynsicht en bewustwêzen fan it begryp "tiid" as betingst foar de kreative ûntjouwing fan gearwurking tusken natuerlike en kreative minsklike prosessen yn romte en tiid.
- It adoptearen en/of stypjen fan aktiviteiten en projekten dy't yn romte en tiid ûntwikkele wurde.
- It wêzen fan in kennissintrum, yn 't bysûnder yn relaasje ta begripen as tiid en kompleksiteit
Realisaasje
Om dizze doelen realiseare te kinnen, sil de stifting gearwurkingsferbannen oangean mei ferskate persoanen en organisaasjes. Op dit stuit is dat ûnder oare it gefal mei de gemeente It Hearrenfean. Der binne ek kontakten mei organisaasjes, û.o. yn Frankryk en Dútslân. Ek wurdt sjoen nei de mooglikheden om op oare plakken fergelykbere projekten te begjinnen. De stifting wol dizze inisjativen foaral yn 't begjin begeliede en der foarljochting oer jaan. De stifting sil ek in oansprekpunt wêze foar de media, en sil aktyf op de media ôfstappe om gruttere bekendheid te krijen.
- Punten fan oandacht
In tal konkrete foarbylden fan prosessen yn romte en tiid wurde útwurke neffens in tal punten fan oandacht.